Hearrenfean pakt kopposysje nei slachfjild op Hegemer Mar

05 aug 2019 - 20:18

Reade protestflaggen dominearren it skûtsjesilen by Wâldsein. Ien skip hie dêr gjin lêst fan. Hearrenfean koe frij sile, en pakte de twadde deipriis fan it kampioenskip. Dêrtroch geane de Feansters no oan kop yn it klassemint.

Hearrenfean wie as earste om de boppeste tonne, en joech de wedstriid net mear út hannen. Skipper Sytze Brouwer hat in prachtige wedstriid syld. "Ja, geweldich! Fanút de start rûn it fantastysk."

"Ast foarop leist, dan hast in foardiel. De oaren binne mei mekoar yn de striid, en je kinne sels it koartste paad sile."

Hearrenfean is no koprinner yn it klassemint, "Dat is moai foar no, mar we ha noch trije wedstriden te gean. We moatte der iderkear goed by sitte, as we kampioen wurde wolle."

Reade en griene flaggen

Achter Hearrenfean wie it in slachfjild, mei in protte reade flaggen. Foar de folgers wie it hast net by te hâlden. Grou, Akkrum, Earnewâld, Drachten, De Jouwer, Ljouwert, Langwar en de Súdwesthoeke hiene allegearre in protestflagge yn it want.

Neffens analist Eelke Dykstra is dat in nije tendins by de SKS. "Se sile folle mear op de regels. Dat sjogge we al fanôf de earste dei fan dit kampioenskip."

By de ûndertonne kamen Drachten en de Súdwesthoeke tsjin mekoar oan. Beide skippers protestearren, en beide krigen se 14 punten.

Grou sylde mei in griene flagge yn it want. Dat is in skuldbekentenis. Dêrmei joech skipper Douwe Visser oan dat er ferkeard sitten ha. Dat smyt him trije ekstra punten op.

Massaal falsk

De earste start wie massaal falsk, mar de twadde kear wiene de measten wol goed fuort. Allinne Huzum moast op 'e nij, omdat se te betiid wienen. Huzum finishte op in knappe achtste plak.

De Heale Moanne finishte as twadde, en Ljouwert waard tredde. It is de earste kear dit kampioenskip dat Ljouwert in poadiumplak sylt.

Protesten

De sjuery moast him oer meardere protesten bûgje. De finishfolchoarder wie dus net de offisjele útslach. As Ljouwert in protest tsjin krigen hie, wie net Hearrenfean mar De Lemmer koprinner wurden yn it klassemint.

Ljouwert kaam oer stjoerboard it skûtsje fan De Jouwer tsjin. De Jouwer hat it protest net trochsetten.

It skûtsje fan Langwar hie twa protesten yntsjinne. It earste protest wie tsjin Huzum. Dat skûtsje starte falsk, en moast opnij starte, mar bleaun dêrby net frij fan Langwar.

Op de bylden fan de start is te sjen dat de fok fan Langwar klapperet as se útwike foar Huzum.

Langwar protestearre ek tsjin Snits, fanwege in bakboard-stjoerboardsitewaasje. Dat protest is ek takend. Dêrtroch waard Langwar tsiende yn it deiklassemint. Dat is de bêste útslach dy't se dit kampioenskip syld ha.

Utslach by Wâldsein

1 Hearrenfean
2 Heale Moanne
3 Ljouwert
4 De Lemmer
5 Grou (+3)
6 Earnewâld
7 Akkrum
8 De Jouwer
9 Wâldsein
10 Langwar
14 Drachten
14 Huzum
14 Snits
14 De Súdwesthoeke

It ferskil tusken de nûmers ien en twa yn it klassemint is no minder as in punt. De Lemmer stiet deun achter Hearrenfean.

Klassemint nei Wâldsein

NEI ÔFLUK MINSTE WEDSTRIID
1 Hearrenfean 23.8 9
2 De Lemmer 24.7 14
3 Grou 27.9 14
4 Huzum 33 14
5 Akkrum 36,9 14
6 Earnewâld 37 14
7 Heale Moanne 46 11
8 De Jouwer 51 13
9 Ljouwert 53 12
10 Snits 53 14
11 Drachten 65.9 14
12 Wâldsein 67 14
13 De Súdwesthoeke 69 14
14 Langwar 85 14

Sjoch hjirûnder nei it wedstriidferslach fan Freark Wijma.

Trefwurden: 
Wâldsein skûtsjesilen SKS
(advertinsje)
(advertinsje)