Lucas Woudenberg twa seizoenen langer by Sportklup Hearrenfean

05 aug 2019 - 16:26

Ferdigener Lucas Woudenberg hat syn kontrakt by Sportklup Hearrenfean ferlinge. Woudenberg tekene moandeitemiddei by foar twa seizoenen by de Fryske earedifyzjeklup.

Lucas Woudenberg - Foto: Martin de Jong

Woudenberg is dwaande oan syn tredde seizoen by Sportklup Hearrenfean. De klup naam de linksback yn 2017 oer fan Feyenoord. By dy klup trochrûn Lucas Woudenberg syn jeugdoplieding.

Hamstra: "Goed ontwikkeld"

Technysk manager Gerry Hamstra is wiis mei de ferlinging. "Lucas heeft zich de afgelopen twee jaren goed ontwikkeld en we denken dat hij hier nog verder kan doorgroeien. Hij past met zijn karakter en speelstijl goed bij de club. Daarom zijn we erg blij dat we onze samenwerking hebben verlengd."

(advertinsje)
(advertinsje)