SC Cambuur spilet lyk yn besletten oefenduel mei FC Grins

05 aug 2019 - 16:25

SC Cambuur hat moandei yn in besletten oefenwedstriid mei 2-2 lykspile tsjin FC Grins. It duel waard spile yn Rolde. De nije spits fan de Ljouwerters, Delano Ladan, die noch net mei.

Assistint-trainer Sandor van der Heide mei Robin Maulun - Foto: Orange Pictures

FC Grins kaam mei in B-ploech. Dochs namen se al gau in foarsprong. Michael Breij sette Grins nei goed tsien minuten op in 1-0 foarsprong. Krekt foar it skoft kaam it antwurd fan Cambuur: Mitchel Paulissen soarge foar de lykmakker. Yn de twadde helte koe Thijs Dalinga út namme fan Grins al gau profitearje fan in flater yn de Ljouwerter ferdigening. Fia Robert Mühren kaam Cambuur dochs wer op likense hichte.

Yn de twadde faze nei it skoft waard der in soad wiksele troch beide ploegen, wat it spulnivo net ta goede kaam. Skoard waard der ek net mear. Freed set foar Cambuur de kompetysje útein. De Graafschap is dan de tsjinstanner.

Trefwurden: 
SC Cambuur fuotbal FC Grins
(advertinsje)
(advertinsje)