Fuotbalferiening Elslo hat hannen fol oan dassen dy't de gersmatte ferniele

05 aug 2019 - 15:38

Fuotbalferiening Trinitas yn Elslo is dizze simmer drok yn it spier om har fjilden te beskermjen. Net tsjin de fuotballers dy't derop spylje, mar tsjin ferskate dassen, dy't de gersmatte ferniele.

Foto: Lammert Gorter

Ofrûne wike noch binne de dassen, dy't libje yn it natuergebiet efter it sportkompleks, flink losgien op it wedstriidfjild. De bisten hawwe yn de goed ûnderholden en relatyf wiete gersmatte speurd nei fretten, sa seit Lammert Gorter fan de fuotbalklup.

Skriktried

Hy hat in soad wurk hân om it fjild te werstellen en alle gatten wer ticht te meitsjen. Om foar te kommen dat de dassen dêrnei wer it fjild op komme koene, hawwe frijwilligers fan de feriening skriktried pleatst.

Dizze wike die lykwols bliken dat de bisten it noch hieltyd net opjûn ha en har ferpleatst ha nei it trainingsfjild. Ek dat fjild hawwe se yntusken flink wat skea tabrocht.

Trainingsfjild

Neffens Lammert Gorter sil hy mei in ploechje frijwilligers ek it trainingsfjild ôfsette. In permaninte oplossing fine is dreech, sa seit er.

Trefwurden: 
das Elslo fuotbalfjild
(advertinsje)
(advertinsje)