SC Cambuur hellet mei Delano Ladan nije spits

05 aug 2019 - 15:01

SC Cambuur hat yn Delano Ladan in nije spits fûn. Hy komt oer fan ADO Den Haag. De hântekenings binne moandei set, befêstiget technysk manager Foeke Booy. Ladan tekenet foar twa jier yn Ljouwert, mei in opsje foar noch in seizoen. De klup makket dat letter moandeitemiddei bekend.

Foto: Orange Pictures

Nei't twa wiken lyn dúdlik waard dat Nigel Robertha de oerstap makket nei it Bulgaarske Levski Sofia, moast Cambuur op syk nei in nije spits. Dy ha se no dus fûn yn de persoan fan Ladan. Hy moat mei Robert Mühren konkurrearje foar de spitsposysje.

Ladan spile yn de jeugd ûnder oaren by Feyenoord en makke fia de amateurs de oerstap nei ADO Den Haag. Dy klup ferhierde de 19-jierrige spits ferline jier oan TOP Oss.

Trainer Henk de Jong

Watfoar fuotballer is Ladan en we hifkje ek efkes nei in mooglik nije nûmer 6?
(advertinsje)
(advertinsje)