Twa kear safolle dûkslachtoffers nei Antonius sikehûs yn Snits

Der binne twa kear safolle dûkslachtoffers binnen brocht by in spesjale ôfdieling yn it Antonius sikehûs yn Snits yn fergeliking mei ferline jier. Hoefolle slachtoffers it krekt binne kin it sikehûs net sizze. Mar neffens René Groot fan it sikehûs komt it trochdat de dûkers te faak dûke en mear de spanning opsykje.
Twa kear safolle dûkslachtoffers nei Antonius sikehûs yn Snits
"Naar mijn mening zijn het diehard duikers die alles al meegemaakt hebben in hun carrière en het duiken spannender willen maken", seit Groot. "Daarom willen ze langer, dieper en vaker duiken. Er zitten mensen bij die vier keer per dag gaan duiken, terwijl je eigenlijk niet meer dan 1 keer per dag moet gaan. Dan vraag je om moeilijkheden."
Ferslachjouwer Jantine Stoffers praat mei René Groot yn it Antonius sikehûs
De ôfdieling fan de dûkgenêskunde fan it sikehûs wurket no sa'n acht jier gear mei it Dûk Medysk Sintrum fan de Keninklike Marine en binne de iennige yn Noard-Nederlân dy't dizze pasjinten behannelje kinne. Dat dogge se yn in spesjale tank dêr't pasjinten 100% soerstof yn ynazemje kinne. En it hat sukses. Der wie ien slim gefal mei ferlammingferskynsels. Dizze pasjint is seis kear behannele yn de tank en koe dêrnei wer rinne.
De soerstofkeamer yn it sikehûs © Antioniussikehûs Snits

Soerstof as genêsmiddel: hoe wurket dat?

Foar de behanneling fan dûkslachtoffers brûkt it sikehûs in 'hyperbare' keamer. Pasjinten gean dêr yn sitten wêrnei de druk ferhege wurdt nei 2,4 bar. Nei it berikken fan dy druk set de pasjint in masker op om 100% soerstof yn te azemjen. De soerstof dy't oanfierd wurdt soarget foar in genêzend effekt. De behanneling duorret sa'n 2 oeren per dei en kin om it winske effekt te berikken sa'n 20 oant 40 kear werhelle wurde.