Doarpskafee yn Terherne is op slot; útbaatster fielde har net feilich

05 aug 2019 - 13:05

Kafee De Zevenwouden yn Terherne is sûnt 1 augustus ticht. De útbaatster, dy't sûnt 1 maaie it kafee runde, fielt har bedrige en sjocht it net mear sitten om fierder te gean. De beide eigeners fan it kafee hawwe it dêrom op slot dien, mar se wolle it wol wer iepenje en binne no op syk nei in nije útbater.

Bier - Foto: Shutterstock.com

Heal maaie wie in ynsidint yn it doarpskafee dêr't mei glêzen goaid waard, doe fielde de útbaatster har bedrige. Ek ha der fernielingen west yn it kafee. Der is oanjefte dien by de plysje. De kwestje soe te krijen ha mei de eardere útbater.

De eigeners ha it kafee earder rêden fan de ûndergong en wolle no dus op syk nei in nije útbater. It kafee is al 250 jier âld. It is skande dat it midden yn it seizoen ticht is. Se moatte it krekt fan dizze simmerwiken hawwe.

Ferslachjouwer Gerrit de Boer ferdjippe him yn de kwestje

Trefwurden: 
kafee Terherne ticht
(advertinsje)
(advertinsje)