GGZ ûndersiket ynsidint fan brân en ferstoarne pasjint yn Jelgerhûs

05 aug 2019 - 12:42

GGZ Fryslân sil ûndersykje wat der ôfrûne woansdeitejûn krekt bard is yn it Jelgerhûs oan de Borniastrjitte yn Ljouwert. Doe wie der brân yn de GGZ-lokaasje en ek moast in 42-jierrige Ljouwerter reanimearre wurde nei in ynsidint, mei meiwurkers en de plysje. De Ljouwerter ferstoar snein yn it sikehûs, nei't hy woansdei slim letsel oprûn hie. Dat wie ek oanlieding foar de Ryksresjerzje om in ûndersyk yn te stellen.

Foto fan woansdeitejûn - Foto: CAMJO media / Robert Jan Boonstra

De brân en it net goed wurden fan de man barde op itselde momint. Oft der in ferbân tusken beide saken is, kin Ton Dhondt fan de ried fan bestjoer fan GGZ Fryslân net sizze, fanwege de persoanlike kant fan de saak. "Bij een brandmelding in een instelling als de onze wordt direct groot opgeschaald met politie, ambulance en brandweer. Die kwamen allemaal ter plekke."

Dat de ynstelling de gong fan saken ûndersiket, is standert-proseduere by in slim ynsidint. "Dat doen we intern door getrainde medewerkers. We kijken wat hebben we gedaan en wat had gemoeten, zodat we ervan kunnen leren voor de toekomst. Het onderzoek gebeurt wel onder toezicht van de Inspectie." Oer it oare ûndersyk fan de Ryksresjerzje kin Dhondt neat sizze. "Dat is een besluit van het Openbaar Ministerie."

Mear ynsidinten

Hy sjocht wol in groei fan ynsidinten. "We zien meer incidenten op en rond de afdeling. De veiligheid van medewerkers en patiënten neemt af. Dat komt door een combinatie van factoren. De ernst van de problematiek van mensen met een psychiatrische kwetsbaarheid neemt toe. Dat heeft ook vaak te maken met middelengebruik waardoor het verergert. En we zien dat bepaalde groepen in de maatschappij gebruik maken van de psychiatrische kwetsbaarheid van onze patiënten en proberen die in te zetten als drugsloopjongen. Daardoor ontstaan ook onveilige situaties. Dealers circuleren rondom onze klinieken. We zijn in overleg met de politie hoe we dat kunnen aanpakken. We investeren in camera's voor beter toezicht en zetten meer in op bewaking en beveiliging."

Ton Dhondt fan GGZ Fryslân

(advertinsje)
(advertinsje)