Fûgeltsjelân soarget foar blommepracht yn Noard-Fryslân

05 aug 2019 - 11:46

Fjouwer boeren yn Marrum, Nes, Holwert en Ingwierrum ha stikken lân ynrjochte foar fûgels. Under de namme 'de macht fan de blommepracht' litte se yn jûnsekskurzjes yn augustus sjen wat dat krekt ynhâldt.

Ien fan dizze boeren is Hans Anema fan Nes. Hy is entûsjast oer it fûgelbehear en wol boargers mear belûke by fûgelbehear en bioferskaat. Mei de fûgelikkers bouwe se rêst yn foar de bisten by de pleats. Der komme net inkeld fûgels, mar ek bijen en hazzen en de lêste tiid sels fjildûlen en fazanten.

De greiden binne prachtich om te sjen, yn dizze tiid bloeit der fan alles. Dat feroaret fan giel, nei pears en read troch it ferskaat oan blommen.

Foto: Omrop Fryslân

Froukje Sijtsma praat mei boer Klaas Osinga en Corrie Terpstra fan Agrarisch Collectief Waadrâne

Boer Klaas Osinga fan Westernijtsjerk hat 15 prosint fan syn perseel beskikber steld foar it projekt. "Ik woe wat mear foar de natuer dwaan en it sjocht der moai út. In soad minsken meitsje foto's fan de kleuren fan de blommen."

"Agrarisch Collectief Waadrâne is yn 2016 begûn mei dit behear", fertelt Corrie Terpstra fan it kollektyf. "We sjogge no de positive resultaten. De fûgels briede massaal en winters komme in soad fûgels op de siedden ôf, mar ek ynsekten komme der op ôf. En it sjocht der fleurich út. Minsken wurdearje it bot dat boeren dit dogge."

No't de boeren de resultaten sjogge, komt der mear belangstelling. "We wolle graach útwreidzje nei It Bilt. Mei de ekskurzjes wolle we de boargers útlizze wat we dogge en wat de funksje is fan dit behear foar de boerelânfûgels."

De ekskurzjes binne 5 augustus yn Marrum (Westernijkerk 31), 13 augustus yn Nes (Nijewei 14), 21 augustus yn Holwert (Grândyk 5) en 29 augustus yn Ingwierrum (by Fjellingsreed 10).

Trefwurden: 
boeren fûgels blommepracht
(advertinsje)
(advertinsje)