Folle mear leppelbekken yn de Westerplas op Skiermûntseach

It tilt op fan de leppelbekken yn de Westerplas op Skiermûntseach. Bytiden sitte der wol 150. Saakkundige Petra de Goeij fan de Ryksuniversiteit Grins seit dat sy noch nea safolle leppelbekken sjoen hat yn de plasse. Dêr hat se wol in mooglike ferklearring foar.
In âldere fûgel korrigearret in jonge fûgel yn de Westerplas © dewittehaas.nl
Ein augustus ferline jier gongen der massaal fisken dea en mooglik hawwe de leppelbekken dat ûnthâlden, tinkt De Goeij. Want dat sy dêr no mei safolle sitte, is ûngewoan. De kâns dat der nei ferline jier noch fisk yn dy Westerplas sit, is lykwols net hiel grut.
Petra de Goeij fan de Ryksuniversiteit Grins oer de leppelbekken
It giet ek goed mei de oare leppelbekken op it Waad. Der binne 1130 leppelbekken teld. Dat binne 34 mear as ferline jier. De Goeij: "Het leek er op een paar plekken op dat het slecht was. Vlieland dacht bijvoorbeeld dat er veel minder waren. Maar uiteindelijk waren het er maar twee minder dan vorig jaar." Eins dogge allinnich It Amelân en Skylge it minder as ferline jier.