Rêdingsaksje foar Sybrandy's: 66.700 euro is al binnen
De teller foar de rêdingsaksje foar Sybrandy's yn Aldemardum stiet op 66.700 euro. Dat is in kwart fan wat ûndernimmer Sjerp Jaarsma ferwachtet nedich te hawwen om de attraksjes oer te nimmen. Moandei wurde de attraksjes nei alle gedachten oanmeld by it feilinghûs, mar Jaarsma hat der noch altyd alle fertrouwen yn dat hy it wol oernimme kin.
"Dat we no binnen in pear dagen al in kwart binnen ha, seit in soad. Ik sil hjoed nochris prate mei de eigeners fan Sybrandy's, om te sjen wat der mooglik is", lit Jaarsma witte.
It liket net foar te kommen dat alles oanmeld wurdt by it feilinghûs, mar dan soe it guod ek noch weromkocht wurde kinne foar de feiling sels. "Dan moatte je wol in boete betelje, mar it jout ús wol folle mear tiid."
Fergunningen
Dy tiid hat er wol nedich, om't der ek noch om tafel sitten wurde moat mei gemeente en natuerorganisaasjes foar de fergunningen. "En dy binne no allegear op fakânsje! Dus we kinne yn septimber pas yn gesprek mei dy organisaasjes. Ek as we hjoed it jild al by elkoar hiene, hie ik de attraksjes hjoed net gelyk kocht. Dan soene al dy 'rêders fan Sybrandy's' it risiko rinne it jild kwyt te wêzen, wylst ik it park miskien wol net iens keapje kin."
Grien ljocht
Eins hat Jaarsma dus noch op syn minst in moanne de tiid om it jild by elkoar te krijen. Sadree't hy fan de gemeente grien ljocht kriget, kin er oergean op keap. As it langer duorret om genôch jild te sammeljen, soe Jaarsma ek noch meibiede kinne by de feiling. Dy sil nei alle gedachten ein septimber of begjin oktober plakfine. "Mar dan rinne je wol folle mear risiko dat it net slagget."