Ascot Day op drafbaan Wolvegea

11 nov 2011 - 14:01
Foto: Omrop Fryslân

Stifting The Frisian Ascot Day wol de Nederlânske Derby fan 2012 nei de Drafbaan yn Wolvegea helje. De Ascot Day op it Victoriapark soe dan kombinearre wurde kinne mei de Derby.

De Frisian Ascot Day soe it meast prestigieuze evenemint yn de draverij yn Wolvegea wurde moatte. De stifting wol 100.000 euro oan prizejild yn it evenemint stekke. De Derby wurdt gewoanwei op Duindigt yn Wassenaar riden, mar lûkt dêr al jierren net in soad publyk.

Trefwurden: 
Ascot
(advertinsje)
(advertinsje)