Kollum: "Kampearje"

05 aug 2019 - 08:47

"Wy sille te kampearjen mei de nije tinte. It like my in goed idee om ús beuker en pjut de moaiens fan it bûtenlibben mei te jaan en dan is in tinte perfekt. It is sliepe yn de bûtenloft mei in lapke katoen der tusken.

Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Nynke Sietsma

Kampearje yn in tinte bringt je werom nei je oerbehoefte: yn de natuer libje. Troch hoe't wy minsken it moderne libben ynrjochte ha, sa komfortabel mooglik, mar oer it algemien mei in hiel soad skermtiid en te min natuertiid groeit de kleau tusken it moderne libben en ús oerynstinkt. Dat ynstinkt betsjut: alle dagen mei bleate fuotten oer de fjilden fleane. In protte minsken ûnderfine stress yn it deistich libben en binne wurch, ûnrêstich, en oerprikkele, lies ik yn in ûndersyk nei burn-out.

Myn medisyn foar dizze heisterjende minsken: mei de tinte kampearje.

Dat is twa wiken bûtenloft, in bytsje yn it waar sjen, wat stoarje nei de stjerren en krekt sa lang neat dwaan oant je je ferfele. Twa kear deis mei de hân ôfwaskje, hartstikke mindfull wurde je dêr fan. En je moatte in ein rinne nei de wc dus je wurde ek noch fit.

Doe't we op de camping oankamen wie it 100 graden. Wy yn de blakke sinne mei it swit oer ús hiele liif it grûnseil útlizze. It waard hjitter. De Man begûn nei azem hapjend alle hjerrings yn de grûn te slaan en ritste de bûtentinte oan it seil fêst. Ik fleach ûndertusken mei fleskes wetter hinne en wer en siet der oer yn dat de bern in sinnestek krigen. Doe't Man klear wie, hiene wy in stik rits te koart en bliek it grûnseil ferkeard om. De hantlieding wie net sa dúdlik. De hiele brut wer opnij.

It waard hjitter. De pjut poepte yn syn broek. Ik waard stutsen troch in wesp. In stel oare wespen sieten efter de bern oan. It waard hjitter. Wy blieken mei ús nije tinte de hiele dei yn de sinne te stean, en hiene gjin skaad. Us holle wie pears.

De twadde dei wie it wynkrêft 80 en blieken wy net allinnich yn de sinne te stean mar ek pal op de wyn. De tredde dei soarge it hjitte waar foar enoarme reinbuien. We blieken yn in soarte fan greppeltsje te stean, dus al it wetter fan ús fjild lei ûnder ús tinte. De fjirde dei hie ik in amer mei pis fan de bern yn de iene hân en in jiskesek mei koarre fan de Man yn de oare.

De fiifde dei blieken we al fiif dagen net te sliepen omdat de pjut nachts benaud wie omdat er it sa donker fûn. Hy kaam dan tusken ús twa nije sliepmatten yn te lizzen. Dy wy dan fan inoar fuort skoden. Ik hie my twa aparte matten oanprate litten en dan lei hy kâld te wurden op 'e grûn.

No sitte we hjir oardel wike, binne alle soargen fuortwaaid en fleane we elke dei mei bleate fuotten oer it fjild. De bern dogge itselde. Nei it wekker wurden drave se fuort de tinte út, om mei campingfreontsjes te boartsjen. Wy binne wer hielendal ien mei ús eigen natuer. Kampearje op ús moaiste Waadeilân, hearlik."

(advertinsje)
(advertinsje)