Noch hieltyd gjin dúdlikheid oer ferkeap glêstúnboubedriuw Hartman

05 aug 2019 - 07:36

Der is noch gjin dúdlikheid oer mooglike ferkeap fan glêstúnboubedriuw Hartman yn Seisbierrum. Freed waard bekendmakke dat de Belgyske eigener Fruit Farm Group ôf wol fan it bedriuw omdat se in driuwend ferlet hat fan jild. Ferslachjouwer Gerrit de Boer hat him al in skoft ferdjippe yn de problemen by Hartman en foar him kaam it nijs net as ferrassing.

It bedriuw Hartman yn Seisbierrum - Foto: Omrop Fryslân, René Koster

"Hartman wie in bedriuw dy't it altyd wol goed die ûnder de foarige eigner Willem Hartman. Maklik wie it net, mar der waard wol winst makke", fertelt de Boer. Mar doe't it bedriuw oernaam waard gong it hurd minder. "Mei managers dy't gjin ferstân fan saken hienen, waard it yn it bedriuw in gaos. En as je dan in miljoenenferlies skriuwe, dan is der wat goed mis."

Gjin ferrassing

Der wurdt eins ek al spekulearre oer ferkeap sûnt it momint dat de Fruit Farm Group it Fryske bedriuw mei 110 wurknimmers oernaam, fertelt de Boer. "Dy ferhalen wiene der altyd. It gong fan it begjin ôf min. Doe waard der sein: soe it wêze kinne dat se it gelyk troch ferkeapje wolle?"

Gerrit de Boer oer de ferkeap fan Hartman

Nei in grutte reorganisaasje ûnder lieding fan in krisismanager giet it no wer in stik better mei it bedriuw. Neffens it Financiële Dagblad giet it yntusken wer sa goed mei it bedriuw dat it mooglik wer nijsgjirrich is foar eventuele keapers.

"As de reorganisaasje sa as dy no ynset is trochgean kin en as der ekstra jild komt, dan kin it allinnich mar foardielich wêze", tinkt de Boer. "Wêr't je net oan tinke moatte is dat der wer in partij komt dy't krekt as de Fruit Farm Group it tsjil opnij út fine wol en managers ynset. Dan is it net geunstich. Mar der wurdt fan út gong dat dit net oan de oarder is."

(advertinsje)
(advertinsje)