Mûzepleach wreidet út en de pompen binne op

De mûzepleach wreidet him út nei it noarden en westen fan it gebiet tusken Spannenburch en Snits. Dat seit Peet Sterkenburgh fan LTO Noord. Dan giet it bygelyks om lân by Skearnegoutum, Easterwierrum, Boazum en Jirnsum, mar ek rjochting Blauhûs en Parregea. Boeren dêr moatte der skerp op wêze, fynt er.
De boere-organisaasje rôp koartlyn mei Wetterskip Fryslân de boeren op om wurk te meitsjen fan de bestriding troch wetter op it lân te pompen. Dat hat fertuten dien, mar der is hast net mear oan pompen te kommen. Dêrom is no de Facebookside 'Boer zoekt Pomp' opsetten.
De gearwurking tusken boeren kin ek in slach better om de bisten effektiver te bestriden, fine de partijen. Sterkenburgh ferwachtet dat úteinlik de merk wol reagearje sil op it grutte ferlet oan pompen.
Wetter wurdt ynsetten yn de striid tsjin de múzen © Remco de Vries, Omrop Fryslân
Ferslachjouwer Remco de Vries praat mei Peet Sterkenburgh fan LTO Noord