Follybalfroulju kinne nei ferlies allinnich noch mei omwei nei Olympyske Spelen

04 aug 2019 - 22:52

It is de Nederlânske follybalfroulju, mei Marrit Jasper fan Snits yn de seleksje, net slagge om har dit wykein te pleatsen foar de Olympyske Spelen fan takom jier. Op it kwalifikaasjetoernoai ferlear Nederlân snein mei 3-0 (25-23, 25-17, 25-22) fan Italië, dat dêrtroch pûlwinner is en wol nei de Spelen giet.

Marrit Jasper (argyf) - Foto: www.orange-pictures.nl

It betsjut net dat Nederlân hielendal útskeakele is foar dielname oan de Spelen. Yn jannewaris is de lêste kâns. Dan is der in saneamd 'kontinintaal olympysk kwalifikaasjetoernoai'. De bêste acht Europeeske lannen dy't har noch net pleatst ha foar de Olympyske Spelen, stride yn in toernoai om ien ticket foar Tokio 2020.

Nederlân wie it kwalifikaasjetoernoai yn it Italiaanske Catania noch wol begûn mei oerwinningen op België en Kenia. Omdat gastlân Italië ek twa kear wûn hie, foel de beslissing sneintejûn yn it ûnderlinge duel. Dêryn naam Italië al gau in foarsprong fan in pear punten. Nederlân kaam wol werom yn de set, mar Italië hold fêst oan in lytse foarsprong en helle de set binnen.

Italië allinnich mar sterker

It ferhaal yn de twadde set wie net hiel oars. De Italiaanske froulju namen wer ôfstân. Op 'e nij kaam Nederlân dêrnei werom yn de set, mar nei in time-out rûn Italië út nei de setwinst.

Dat byld bleau yn de tredde set oanfanklik itselde. Italië hie al gau in foarsprong fan 8-3. In time-out holp ek net, want it ferskil waard earst allinnich mar grutter. Mar nei't Nederlân op in gegeven momint op sân punten efterstân stie, krûpte de ploech fan Jamie Morrison stadichoan tichterby. Nederlân kaam sels op likense hichte: 20-20. Dêrnei wie it dochs wer Italië dat tasloech. Op it earste matchpoint wie it raak.

Oandiel Jasper lyts

It oandiel fan Marrit Jasper yn de wedstriid fan snein wie lyts. Se kaam yn de earste set op in stân fan 21-18 yn it fjild en mocht twa kear opslaan. Dêr bleaun it by.

Nederlân waard op de lêste Olympyske Spelen, dy fan 2016 yn Rio de Janeiro, fjirde.

(advertinsje)
(advertinsje)