Steenstra en syn maten steane der gewoan wer: "Neat oars as oars dien"

04 aug 2019 - 21:35

Nei it gefoelige ferlies yn de finale fan de PC stiene se der snein wer gewoan: Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra en Tjisse Steenstra wûnen yn Wytmarsum har alfde frijeformaasjepartij fan it jier. En dy PC dan? "We keatse gewoan wer troch", wie it nochtere ferhaal fan Tjisse Steenstra nei de finale yn Wytmarsum.

Want bûten dy PC hat Steenstra gewoan wer in topseizoen mei syn maten. "Allinnich dy PC ûntbrekt", seit er. "Mar fierder is alles top. Wat wolle je noch mear?" Dy PC hat ek net mear 'neidreund', neffens Steenstra. "We ha dizze wike neat oars as oars dien. Je winne en je ferlieze. Bergsma-en-dy keatsten folle better op de PC. Dan ha ik der wol frede mei."

PC komt noch wol. Earder hâld ik net op.

Tjisse Steenstra

It klinkt gek út de mûle fan de bêste keatser fan de lêste jierren, dy't sawat alles wint útsein de wichtichste partij fan it jier. "Mar it is echt sa. Yn de finale woe it net. Dan geane je derôf." Dat it in 'dinkje' wurdt, dy PC, fielt Steenstra net sa. "Ik sit der net sa mei. Je witte wat je kinne. Yn de finale komt it der de lêste twa jier net út. Mar dat komt noch wol. Earder hâld ik net op."

Drege dei

Dan nei snein: winst dus foar Van der Bos, Triemstra en Steenstra, mar ienfâldich gong it net. "We ha in drege dei hân. Swier keatst, net even in pot dat it maklik gong." Hy wie stikken nei de winst yn de finale. "It is waarm en it swit o sa. Wol lekker, mar je wurde der wurch fan."

Foto: Henk Bootsma

Alve partijen wûn: it is no al in topseizoen foar Steenstra, dy't boppedat oan kop giet yn it punteklassemint, mei in pear punten mear as syn frijeformaasjematen. En hy hat noch wat om nei út te sjen. Sa komt de partij yn Bitgum noch. "Dat is myn partijke wol wat. Dêr ha ik o sa folle sin yn."

"Keatse, of net dan?!"

Mar der komt no earst in wykein oan dat der gjin haadklassepartij op it programma stiet. "Om my hiene we gewoan keatse kind", seit Steenstra. "Want no traine je wol wat, mar dat is dochs oars." Is in wykeintsje rêst net even noflik dan? "Miskien wol, mar fan my mei in keatsseizoen folpland wurde. Keatse, of net dan?!"

(advertinsje)
(advertinsje)