'Gjin navidukt yn Ofslútdyk'

De kâns dat der in navidukt komt op it plak fan de hjoeddeiske slûzen yn de Ofslútdyk by Koarnwertersân is hiel lyts. Dat tinkt ferantwurdlik steatssekretaris Joop Atsma. It Centraal Plan Bureau hat berekkene dat sa'n navidukt, wêrby de slûzen ynboud wurde yn in akwadukt, 200 oant 450 miljoen kostet. Neffens Atsma is dat yn dizze tiid fan de besunigings fierste folle jild.
Hy sjocht mear yn it foar 33 miljoen fersterkjen fan de besteande slûzen. Eventueel soene der ek nije slûzen boud wurde kinne foar 91 miljoen.
Atsma oerleit meikoarten mei de belutsen provinsjes oer it oanpakken fan de besteande slûzen. Dy moatte ferbettere wurde om de gruttere protten wetter oan te kinnen.