'Nij kanaal fan Terherne nei It Hearrenfean is needsaak'

"As It Hearrenfean de ekonomyske ûntwikkeling trochsette wol, moat der in nij kanaal fan Terherne nei It Fean komme." Dat stelt Alexander van Walsum fan Terherne. Van Walsum is âld-binnenfeartskipper en hat no 26 motorjachten yn de ferhier by syn bedriuw Yachtcharter Wetterwille.
© Omrop Fryslân, René Koster
Plannen foar in nij kanaal nei Hearrenfean wiene der al yn de jierren 50, mar om't doe ekstra jild frijmakke wurde moast foar de feiligens fan Seelân, nei de wettersneedramp fan 1953, is dat der nea fan kaam.
No farre der skippen út in klasse dêr't de farwei hielendal net geskikt foar is. Fanwege de krapte barre der geregeld 'hast-ûngelokken', follet Auke Rypkema oan. "It is libbensgefaarlik, om't der hast gjin romte is. En ek omdat de rekreaasjefarder net wit wat er moat!" Hy jout in foarbyld: "Lêst seach ik in sloep dy't by de slûs gewoan troch it reade ljocht fear."
Van Walsum en Rypkema oer de farwei tusken Terherne en It Hearrenfean
Neffens Van Walsum is it oan it sûne ferstân fan de profesjonele skippers te tankjen dat it no meastentiids goed giet. De provinsje lit it op it stuit gewurde dat der grutte frachtskippen farre, mar as It Hearrenfean yn de ekonomyske ûntwikkeling fierder ynset op ferfier oer it wetter, kin dat net mear, seit Van Walsum.

Jachten fan 14,99 meter

Wetterwille, it bedriuw fan Van Walsum, ferhiert jachten dy't maksimaal 14,99 meter lang binne, sadat se krekt net farbewiis-plichtich binne. "Als wij een jacht verhuren aan iemand zonder ervaring, gaat er altijd een vaarinstructeur mee, maar elders gebeurt dat lang niet altijd", fertelt Van Walsum. "Dan kunnen zich gevaarlijke situaties voordoen omdat men de regels niet kent en het vaartuig onvoldoende beheerst."
Alexander van Walsum en Auke Rypkema wiene snein te gast ús radioprogramma Buro de Vries, dat dizze simmer elke wike in oar doarp opsiket. De útstjoering fan dizze snein weromharkje kin hjir.