Ljouwerter (26) oanholden om himpkwekerij yn trije keamers

04 aug 2019 - 19:35

De Ljouwerter plysje hat in himpkwekerij oan de Feytsmastrjitte oprôle. In Ljouwerter fan 26 jier brûkte trije keamers om de himp te kweken. Hy is oanholden.

Foto: Pixabay

De plysje kaam de kwekerij op it spoar nei in melding oer himpgeur. Doe't de plysje op ûndersyk út gie yn de buert fan it pân, waard de doar gau tichtdien. Uteinlik die de bewenner wol iepen.

Ienkear binnen seach de plysje dat trije keamers ynrjochte wiene as himpkwekerij. De plysje hat ûnder oare fiif pûden mei himptoppen yn beslach nommen. De stroom waard ek ôftape.

(advertinsje)
(advertinsje)