Undersyk nei hanneljen plysje en 'net goed wurden' fan ferstoarne Ljouwerter (42)

04 aug 2019 - 18:45

De Ryksresjerzje docht ûndersyk nei in ynsidint oan de Borniastrjitte yn Ljouwert fan ôfrûne woansdei. Dy jûn moast in Ljouwerter fan 42 jier reanimearre wurde nei in ynsidint. Hy is doe nei it sikehûs brocht, mar snein ferstoarn.

De plysje krige woansdeitejûn in melding fan in fjochtpartij yn de GGZ-lokaasje Jelgerhuis oan de Borniastrjitte. Dêr wie op dat stuit ek in brân yn in keamer fan ien fan de kliïnten.

Ferset fan pasjint

Doe't de plysje by it Jelgerhuis oankaam, koe it personiel fan de ynstelling ien fan de pasjinten net maklik ûnder kontrôle krije. Dat wie de 42-jierrige Ljouwerter. Hy fersette him bot, skriuwt de plysje. Nei't plysjemeiwurkers holpen, krigen se de man wol ûnder kontrôle.

Foto fan woansdeitejûn - Foto: CAMJO media / Robert Jan Boonstra

Koart dêrnei waard de man lykwols net goed. Hy waard reanimearre en nei it sikehûs brocht. Dêr is er snein ferstoarn.

It ûndersyk fan de Ryksresjerzje, ûnder lieding fan it Iepenbier Ministearje, rjochtet him op it hanneljen fan de plysjemeiwurkers en de oarsaak fan dat de man net goed waard.

(advertinsje)
(advertinsje)