Ferkearsûngelok mei auto en motor op krusing Wynjewâld

04 aug 2019 - 18:15

In auto en in motor binne snein mei-inoar yn oanriding kaam op de Mounleane yn Wynjewâld. Oanlieding is nei alle gedachten in foarrangsflater.

Foto: Srfotografie

De motorrider is op it plak fan it ûngelok, de krusing fan de Mounleane en de Finne, neisjoen troch personiel fan de ambulânse. Hoe't it mei him of har is, is net bekend.

Sawol de motor as de auto binne flink skansearre.

(advertinsje)
(advertinsje)