Partoer Van der Bos wint wol yn Wytmarsum: 11 út 20

04 aug 2019 - 17:56

Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra en Tjisse Steenstra ha yn Wytmarsum har alfde frijeformaasjepartij fan it jier wûn. Yn de finale fan de tweintichste frijeformaasjepartij wûnen se mei 5-3 en 6-4 fan Menno van Zwieten, Kees van der Schoot en Erwin Zijlstra.

De PC-winners fan ôfrûne woansdei, Marten Bergsma-en-dy, waarden op de twadde list útskeale troch it partoer fan Van Zwieten: 5-4 en 6-2. Van Zwieten-en-dy berikten dêrmei de finale troch in steand nûmer yn de heale finale.

Van der Bos-en-dy leine de 'folsleine' rûte ôf nei de einstriid. Dat diene se oanfanklik sûnder al te grutte problemen: se fersloegen earst it partoer fan Jelle Attema mei 5-1 en 6-6 en wiene dêrnei ek mei 5-1 en 6-4 te sterk foar Auke Boomsma-en-dy. Yn de heale finale tsjin Enno Kingma, Pieter Jan Plat en Sjoerd de Jong hiene se it in stik dreger. Van der Bos stie wol mei 5-3 foar, mar it partoer fan Kingma kaam werom oant 5-5. Dat lêste earst gie wol mei skjinne seis nei Van der Bos-en-dy. Kingma moast it dwaan mei de tredde priis.

Foto: Henk Bootsma

De finale begûn prima foar Van der Bos-en-dy. Al gau stiene se foar mei skjinne seis. Van Zwieten kaam werom oant 6-6, mar doe kaam Van der Schoot de keats net foarby, wêrtroch't it earste buordsje nei Van der Bos gie. Om't Van Zwieten dêrnei op 6-4 it perk miste, rûnen Van der Bos-en-dy út nei in spul foarsprong.

Mar it partoer fan Van Zwieten kaam werom. Mei in sitbal op 6-4 pakten se har earste buordsje en dêrnei rûn Van der Bos oer de opslachline op 6-2, wêrtroch't it spullen gelyk wie.

Doe rûnen Van der Bos-en-dy út. Boppeslagen fan Triemstra - wêrfan't er seis hie yn de finale - soargen foar 3-2 en 4-2. Van der Bos sels kearde letter de bal foar de keats, wêrmei't syn partoer op 5-2 kaam. Troch in kweaslach fan Steenstra pakten Van Zwieten-en-dy noch wol in earst, mar op 5-3 en 6-4 makke Steenstra dien wurk mei in sitbal.

Foto: Henk Bootsma
(advertinsje)
(advertinsje)