Skânsrekôr benei kommen op FK fierljeppen foar jonges en famkes yn Drylts

Wa wurde oer in jier as wat de opfolgers fan Thewis Hobma en Marrit van der Wal by it fierljeppen? Mads Tolsma, Hylkje Hoekstra, Reinder Haanstra en Vienne van der Knaap binne guon fan de kandidaten: se ha Drylts de Fryske titels pakt op it kampioenskip foar jonges en famkes ûnder de 12 en ûnder de 10.
Jeugd FK fierljeppen Drylts

Famkes oant en mei 12 jier

By de famkes oant en mei 12 jier is de Fryske titel foar Hylkje Hoekstra út Drylts mei 9,67 meter. Dat is in nij persoanlik rekôr. Berber Haanstra fan It Heidenskip wint sulver mei 9,19 meter. It brûns is foar Emma Klijn Velderman út Koudum.

Jonges oant en mei 12 jier

Mads Tolsma út Berltsum hat mei syn alderlêste sprong foar in geweldige ferrassing soarge by de jonges oant en mei 12 jier. Syn 11,02 meter is net allinnich in nij persoanlik rekôr, mar ek like fier as it skânsrekôr fan Wisse Broekstra. Tolsma is dus de nije Fryske kampioen. Timo van der Knaap út Drylts wurdt twadde (10,66 meter, PR) en tredde wurdt Riemer Zijlstra (10,31).
Jeugd FK fierljeppen Drylts2

Famkes oant en mei 10 jier

Yn de jongste kategory gie de Fryske titel nei Vienne van der Knaap út Drylts mei in PR fan leafst 8,91 meter. Dat wie flink fierder as Nynke Klijn Velderman (7,59) út Koudum en Nynke Kampen fan It Heidenskip (7,53).

Jonges oant en mei 10 jier

Frysk kampioen by de jonges oant en mei 10 jier waard Reinder Haanstra mei 8,92 meter. Jorrit Bouwstra út Reduzum waard dêr twadde (8,61) en Daan Postma út Tytsjerk tredde (8,38).