Partoer Ilse Tuinenga wint spannende finale yn Witmarsum

04 aug 2019 - 17:22

Ilse Tuinenga, Sjanet Wijnia en Manon Scheepstra ha snein yn Wytmarsum de haadklassepartij frije formaasje wûn. Yn de finale fersloegen se Nynke Sijbrandij, Imke van der Leest en Marrit Zeinstra mei 5-5 en 6-4.

Foto: Henk Bootsma

Yn de earste omloop wûnen Tuinenga-en-dy mei 5-2 6-6 fan it partoer fan Tineke Dijkstra. Dêrnei wie it trio Tuinenga mei 5-3 6-4 te sterk foar Sietske Okkema en har partoer. Okkema hie yn de earste omloop noch mei alles oan 'e hang wûn fan Roelie Kroondijk.

Spannende finale

De partoeren Tuinenga en Sijbrandij binne it hiele seizoen al de twa sterksten en se makken der yn Wytmarsum ek in moaie striid fan. Tuinenga hie in pear kear in gatsje fan twa earsten, bygelyks op 5-3.

Doe behold Nynke Sijbrandij de keats, wêrmei't har partoer weromkaam ta 5-4. It earst dêrnei sloech Tuinenga de bal kwa op by in stân fan 4-6 en dus wie it wer hielendal yn lykwicht.

Yn it lêste earst sloegen Tuinenga en dy dochs ta. Op 6-4 makken se dien wurk.

Monfils tredde

De tredde priis is foar Anne Monfils, Margriet Bakker en Harmke Siegersma. Sy fersloegen Sietske Okkema, Anouk Tolsma en Rixt Wijnia mei 5-4 en 6-2.

(Advertinsje)
(Advertinsje)