Plysje Snits warskôget foar brûken gniisgas yn Snitswike

De plysje fan Snits warskôget foar it gebrûk fan ballonnen mei gniisgas yn de Snitswike. Op Facebook lit de plysje witte dat sy patroanen tsjinkomme op strjitte en ek jongerein dy't de gniisgas brûkt.
© Facebook, Politie Sneek e.o.
Yn it berjocht warskôget de plysje ek foar de gefolgen fan de gniisgas foar de sûnens. De plysje skriuwt: "Een groot aantal jongeren gaat er vanuit dat er geen gevaren zijn, maar er zitten wel degelijk risico's aan het gebruik van lachgas. Besef goed wat je op het spel zet en gebruik het niet! #sneekweek"
Yn de reaksjes op it plysjeberjocht is te sjen dat der mei de Snitswike ek in ûndernimmer is dy't ballonnen ferkeapet mei in spesjale koerier. Leafhawwers kinne it ek ôfhelje.