Johnny Jansen út de skroeven: "Ik krijg wel wat foto's van de ranglijst"

04 aug 2019 - 16:35

"Ik ben superblij en supertrots", wie de earste reaksje fan trainer Johnny Jansen, dy't snein mei SC Hearrenfean geweldich oan it nije seizoen begûn. Op besite by Heracles Almelo wûnen de Friezen mei 4-0. "Dit is een geweldig gevoel."

Jansen makket dit seizoen syn 'echte' debút as haadtrainer yn it betelle fuotbal. Nei't Jan Olde Riekerink ferline seizoen dien krige, wie Jansen al fiif wedstriden einferantwurdlik. Syn ploech stie snein al nei in healoere mei 3-0 foar yn Almelo. Ibrahim Dresevic iepene de skoare mei in frije traap. "Het valt natuurlijk geweldig onze kant op", fertelt Jansen dêroer. "Normaal gesproken heeft een keeper zo'n bal, maar we weten dat Ibrahim zo'n 'zwabberbal' kan trappen."

Jordy Bruijn soarge dêrnei foar de 0-2 en Mitchell van Bergen makke yn de 28e minút de tredde Fryske goal, nei opsichtich skutterjen fan de Heracles-definsje. Dat twong Hearrenfean ek ôf, fynt Jansen. "Zij kunnen heel aardig voetballen en risico's nemen", seit Jansen. "En wij loeren juist daarop, om die ballen te onderscheppen. Dat hebben we goed gedaan."

Ik denk dat ik wel wat foto's krijg van de ranglijst.

Johnny Jansen

Troch de grutte oerwinning giet Hearrenfean oan kop yn de earedifyzje. "Ik denk dat ik wel wat foto's krijg van de ranglijst", laket Jansen. "Het is hartstikke mooi. Ik ben ook heel blij, maar we moeten met beide beentjes op de grond blijven en knokken voor goede resultaten."

Jansen liet nei it skoft Chidera Ejuke, Hamdi Akujobi en Arjen van der Heide ynfalle. Dy lêste twa binne jeugdspilers. "Het is hartstikke gaaf dat je je eigen opgeleide spelers daar neer kunt zetten", seit Jansen.

Dream dy't útkomt

Van der Heide, ien fan dy twa jeugdspilers, wie sels ek út de skroeven. "Dit is in dream dy't útkomt natuerlik. Dit is hiel moai."

In jier lyn siet de 17-jierrige Van der Heide ek al ticht by de earste seleksje, mar der is no in grut ferskil, leit er út. "Ik ha no foar it earst de hiele tarieding meidien. Ik bin no hielendal fit, dat wie yn it ferline noch wolris in probleem. En ik ha goed myn bêst dien op de training, dat wurdt no beleanne."

Ik kom sels altyd op it fytske nei de training, want ik ha noch gjin rydbewiis.

Arjen van der Heide

Van der Heide komt fan It Hearrenfean, hy is dêr hikke en tein. "Myn âlders wenje dêr ek noch. Ik kom sels altyd op it fytske nei de training, want ik ha noch gjin rydbewiis."

Debút Botman

Ien fan de nije spilers dy't yn de basis stiene by Hearrenfean, wie Sven Botman, in ferdigener dy't hierd wurdt fan Ajax. Hy wie optimistysk, mar sa'n dikke oerwinning hie er net ferwachte. "Iedereen dacht van tevoren dat het een gelijkwaardige strijd zou zijn, maar het liep anders", seit er. "We waren gewoon de betere partij in de eerste helft. Als verdediger is het ook lekker dat we 'de nul' houden, dat geeft voldoening."

Foar Botman is it de earste kear dat er yn de earedifyzje spilet. Mei Jong Ajax spile er it ôfrûne seizoen yn de earste difyzje. "Ik heb nooit geroken aan de eredivisie, maar nu is het moment daar. Ik heb er erg van genoten, het was een mooie ervaring", seit er mei in laits.

Ejuke falt yn mei goal

Hearrenfean krige freed ek al goed nijs: Chedera Ejuke, bynamme 'Chidi', krige doe te hearren dat er spylje mocht. Syn wurkfergunning wie lang om let klear. Ejuke spile it ôfrûne seizoen foar Vålerenga yn Noarwegen, mar de wurkfergunning gie fia Sweden. "Doe't ik tekene hie by Hearrenfean, moast ik werom om dat noch te regeljen", fertelt Ejuke nei de wedstriid tsjin Heracles.

"It hat allegear lang duorre, mar no bin ik der en dat is it wichtichste. Hooplik ha we in geweldich seizoen." It begjin wie yn alle gefallen goed: Ejuke foel healwei de twadde helte yn en makke yn blessueretiid ek noch in goal. "Om te skoaren yn myn debút jout in geweldich gefoel."

In grut diel fan syn famylje wennet noch yn syn heitelân Nigearia. "As sy dizze wedstriid seagen, soene se ûnder de yndruk wêze en bliid wêze foar my en foar de klup." Syn freondinne wennet yn Noarwegen. "Hooplik komt se gau op besite."

(advertinsje)
(advertinsje)