Terherne stipet famylje fan himptylt fertochte man, seit heit

De famylje fan de man út Terherne dy't fertocht wurdt fan himptylt krijt in soad stipe yn it doarp. Dat seit de heit fan de fertochte.
© Omrop Fryslân
Yn it radioprogramma Buro de Vries, dat snein útstjoerd waard út Terherne wei, fertelde de man dat er de stipe fan alle kanten krijt. "It doarp hat dusdanich reagearre, dat ik my sterke fielde om hjir hjoed op te treden. Dat koe ik earst net."
Boargemaster Fred Veenstra fan De Fryske Marren die earder dizze wike de oansizzing om de jachthaven dêr't de wytplantaazje oantroffen is te sluten. De advokaat tinkt dat sluting net oan de oarder is. Dy seit dat de saak opblaasd wurdt.