Mountainbikester Tauber fiifde by wrâldbekerwedstriid yn Val di Sole

Mountainbikester Anne Tauber fan Oranjewâld is by de wrâldbekerwedstriid yn it Italiaanske Val di Sole fiifde wurden. Se kaam op 1.56 binnen fan de Fransêze Pauline Ferrand-Prévot.
Anne Tauber yn Val di Sole © www.orange-pictures.nl
It is de tredde kear yn fiif wrâldbekerwedstriden dat Tauber yn de top-fiif einiget. De oare twa kear hie se maleur.
Tauber striidt mei Anne Terpstra om in plakje op de Olympyske Spelen fan takom jier. Nederlân mei mar ien mountainbikester ôffeardigje nei Tokio.