SC Hearrenfean op roazen nei manjefike seizoensiepening tsjin Heracles

04 aug 2019 - 14:09

SC Hearrenfean hat de earste kompetysjewedstriid fan it jier mei 4-0 wûn fan Heracles. Foar it earst yn de skiednis fan de klup skoarde Hearrenfean trije kear yn it earste healoere fan in útwedstriid yn de earedifyzje.

Troch de winst is Hearrenfean no koprinner yn de earedifyzje.

Fan it earste begjin fan de wedstriid ôf wie Hearrenfean Heracles rom de baas. Neffens ferslachjouwer Roelof de Vries wie it ferdigenjend wurk fan de ploech út Almelo bytiden 'beukerich'. Sa soene bern fan fjouwer it ek dwaan, bedoelde er. "Wat se dêr dogge, is net om oan te sjen, sa min."

Foto: www.orange-pictures.nl

Heracles hat wol in pear kânsen krigen, mar dêr hold it dan ek wol mei op. Nei in heal oere stie Hearrenfean op in foarsprong fan 3-0.

Trije doelpunten yn in healoere

It earste doelpunt kaam út in frije traap. Ibrahim Dresevic skeat yn ien kear, fan sa'n 20 meter ôfstân. Doelman Janis Blaswich dûkte der oer hinne. Jordy Bruijn skoarde it twadde doelpunt, leech yn de hoeke. Hy spile ek in belangrike rol by de tredde goal, troch de bal ôf te snoepen fan ien fan Heracles. Sa koe Mitchell van Bergen de 3-0 der yn sjitte.

Yn de twadde helte rekke de enerzjy der wat út. It ferdigenjen fan Heracles bleaun ûnder de maat. Yn de lêste sekonden fan de wedstriid skoarde debutant Chidera Ejuke de 4-0 foar Hearrenfean. Hy komt út Nigeria, en krige pas in pear dagen foar de wedstriid in wurkfergunning.

Flak nei it earste fluitsinjaal lei de wedstriid in pear minuten stil omdat der in hin op it fjild omspaande. It soe in protestaksje fan Heracles-fans west ha, dy't it net iens binne mei de nije namme fan it stadion. Dat wie earder it Polman-stadion, mar no is it neamd nei de sponsor. Erve Asito is de nije namme.

Trainer Johnny Jansen makket dit seizoen syn debút as haadtrainer yn it betelle fuotbal. Neidat Jan Olde Riekerink ferline seizoen dien krige, wie Jansen as ynterim-trainer al fiif wedstriden ferantwurdlik by Hearrenfean.

Trochdat it de earste wedstriid is, stiet Hearrenfean no oan de lieding yn de earedifyzje. Fans diele foto's fan de teletekstside dêr't dat op stiet.

Heracles - SC Hearrenfean 3-1 (3-0) 9. Ibrahim Dresevic 0-1, 17. Jordy Bruijn 0-2, 27. Mitchell van Bergen 0-3, 92. Chidera Ejuke 4-0.

Opstelling SC Hearrenfean: Hahn; Floranus, Woudenberg, Botman; Kongolo, Faik, Rienstra (73. Akujobi), Bruijn (68. Ejuke); Odgaard (89. Van der Heide),, Van Bergen, Dresevic.

Trefwurden: 
SC Hearrenfean fuotbal
(advertinsje)
(advertinsje)