Foarsprong De Vries grutter nei seisde plak yn Hongarije

04 aug 2019 - 12:26

Autokoereur Nyck de Vries fan Twellingea is as sechsde einige yn de sprintrace fan de Formule 2 yn Hongarije. Op de Hungaroring yn Boedapast finishte De Vries wol foar syn belangrykste konkurrint om it kampioenskip.

Foto: www.orange-pictures.nl

De Vries giet no noch steviger oan de lieding yn it algemien klassemint. Mick Schumacher wûn de race fan snein.

De Vries klom nei de start direkt in plakje. Hy begûn as sande, mar troch de minne start fan Luca Ghiotto lei De Vries al gau sechsde. Dêrmei lei er flak foar de Kanadees Nicholas Latifi. Dat is syn de grutste konkurrint yn de striid om it kampioenskip.

Bannen sparje

Mear as de helte fan de race barde der frijwol neat. De koereurs sparren de bannen en gjinien besocht in ynhelaksje. Yn de lêste tsien rûntsjes fierde Latifi de druk op De Vries op, mar de Fries koe syn grutste konkurrint efter him hâlde.

Troch it sechsde plak pakt De Vries fjouwer punten yn it klassemint. Latiti pakt twa punten. Sy ha no respektyflik 196 en 166 punten.

Ein augustus komt de Formule 2 wer yn aksje. Dan yn België, op it sirkwy fan Spa-Francorchamps.

Trefwurden: 
Formule 2 Nyck de Vries
(advertinsje)
(advertinsje)