Min waar hâldt hierboaten oan de wâl

04 aug 2019 - 10:52

Troch de kâldere oanrin nei de simmer komt it boatsjeferhierseizoen dit jier let op gong. De bedriuwen binne hieltyd mear ôfhinklik fan moai waar.

Mei moaie dagen is de wâl leech by boatsjeferhierbedriuwen, mar as it reint leit it fol. By ferhierbedriuw Anja yn Grou lizze de sloepen en sylboaten dan te wachtsjen op minsken dy't net komme. By de Drijfveer yn Akkrum lizze der ek noch boaten oan de kant.

"It giet hartstikke goed dit jier, lykas de ôfrûne trije wiken, dy't hartstikke moai wiene, mar it seizoen is wat letter op gong kaam", seit Jan Bron fan de Drijfveer. "Minsken boeke hieltyd faker flak fan tefoaren." Dêrtroch bliuwe de boaten mei minder waar oan 'e wâl lizzen.

Foar itselde jild nei Grikelân

Iepen sylboaten wurde it minst ferhierd. "Dy binne foar de jongerein, mar dy gean foar itselde jild nei in bungalow yn Grikelân", seit Bron. "Se wolle lúkse. Net mear ûnder sa'n tintsje krûpe. Mar dy trend rint al wat langer."

Jan Bron oer de boatferhier fan dizze simmer

Mei de Snitswike foar de doar binne alle boaten foar it wykein wol wer ferhierd. "De wykeinen rinne goed, mar troch de wike ha ik noch wol wat lizzen."

Foto: Omrop Fryslân, Maaike van der Hoek
Trefwurden: 
simmer boaten boatferhier
(advertinsje)
(advertinsje)