Mei in fleantúch en in rubberboat nei it skûtsjesilen: ien wike yn tsien foto's

De skippers en bemanningen fan de SKS ha in rêstdei. Moandei is de earstfolgjende wedstriid, by Wâldsein. Dat jout ús de gelegenheid om werom te sjen op de earste wike fan it kampioenskip.
Fotograaf Siese Veenstra fan it ANP koe de ôfrûne wike mei in rubberboat en in fleantúch ticht by de skûtsjes komme. Us redaksje hat tsien fan syn moaiste foto's selektearre.
Sneon wûn Akkrum it skûtsjesilen op de Iselmar by Starum. De koprinners yn it klassemint krigen beide 14 punten, omdat se oer stjoerboard foar de nûmer trije del sylden.
Yn de útstjoering fan Skûtsjesilen 2019 leit Harmen Brouwer, broer fan skipper Sytze, fan it Hearrenfean út wêrom't se it protest trochsetten, ek al hiene Grou en De Lemmer skuld bekend mei in griene flagge.