Automobilist ferwûne by oanriding mei beam by Winsum

By Winsum is in automobilist ferwûne rekke by in oanriding tsjin in beam. Dat barde yn de nacht fan sneon op snein, om ien oere hinne.
Oanriding Winsum
Meardere helptsjinsten kamen nei it plak fan it ûngelok. Der wie ûnder oare in traumahelikopter. De brânwacht hat it slachtoffer út de auto helle.
It is net dúdlik wêrtroch't de auto tsjin de beam bedarre. De Spannumerdyk hat in skoft ôfsletten west yn ferbân mei it ûngelok, mar de dyk is yntusken wer iepen.