Lotting Freule: minder partoeren op keatspartij

03 aug 2019 - 22:10

Der dogge dit jier 41 partoeren mei oan de jierlikse Freulepartij yn Wommels. Dit is in stik minder as yn de ôfrûne jierren. Neffens foarsitter Tjeerd Dijkstra liket it derop dat de partij hjiroan wenne moat, sjoen de oanwaaks fan jonge keatsers yn Fryslân.

Foto: Henk Bootsma

Dochs is it de ferwachting dat it in spannende dei wurdt woansdei, om't der gjin partoer is wat der boppe-út stekt. "Dat is de sjarme fan de partij, en al hielendal dit seizoen. We hawwe doarpen lykas Dronryp winnen sjoen, mar ek Reduzum, Kimswert en Berltsum hawwe ôfdielingspartijen wûn."

De Freulepartij wurdt no woansdei foar de 117e kear hâlden yn Wommels.

Foto: Omrop Fryslân
Trefwurden: 
keatsen Wommels lotting Freule
(advertinsje)
(advertinsje)