Tennisser Sander Arends wint dûbeldspultoernoai yn Spanje

03 aug 2019 - 21:21

De Ljouwerter tennisser Sander Arends hat sneon de finale fan it dûbeldspul op it Open Castilla y León wûn yn de Spaanske stêd Segovia. Arends en syn maat David Pel wiene mei 6-4 en 7-6 te sterk foar de Brazilianen Orlando Luz en Felipe Meligeni Alves.

Foto: www.orange-pictures.nl

Arends en Pel wiene yn Segovia ek it heechst pleatste duo. De twa Brazilianen hiene earder dit toernoai wûn fan de nûmer twa op de pleatsingslist, mar yn de finale koene se net op 'e nij foar in ferrassing soargje.

It is de twadde toernoaiwinst op rige foar Arends en Pel. In wike lyn wiene se al de sterksten yn Tampere yn Finlân. Troch de oerwinning klimt Arends nei plak 91 op de wrâldranglist.

Trefwurden: 
Sander Arends tennis
(advertinsje)
(advertinsje)