Follybalfroulju winne twadde olympyske kwalifikaasjewedstriid fan Kenia

De Nederlânske follybalfroulju ha sneon op it olympysk kwalifikaasjetoernooi ek de twadde wedstriid wûn. Yn Italië waard Kenia ienfâldich mei 3-0 oan de kant setten. By Nederlân docht Marrit Jasper as iennige Friezinne mei oan it toernoai.
Marrit Jasper yn aksje foar Oranje (argyf) © OrangePictures
Yn it foar waard net ferwachte dat it Keniaanske team it de Nederlânske follybalsters dreech meitsje koe en dat blike yn de wedstriid ek. De earste set waard mei 25-17 wûn, de twadde mei 25-10. Yn de lêste set sette coach Jamie Morrison in soad oare spilers yn it fjild, werûnder Marrit Jasper. De tredde set waard ek oertsjûgjend mei 25-10 wûn.
It kwalifikaasjetoernoai bestiet út trije wedstriiden. De nûmer ien pleatst him foar de Olympyske Spelen yn Tokyo yn 2020. De earste wedstriid wûn Nederlân mei 3-0 fan België. Snein stiet de lêste en beslissende wedstriid tsjin Italië op it programma.