Concours Hippique Riis riedt him ta op jubileumedysje

De organisaasje fan it Concours Hippique Riis hat sneon noch hurd wurkje moatten om de bûtenbak wetterfrij te krijen. Dat is op dizze 74ste edysje úteinlik goed slagge. Dielnimmers en publyk witte dat se hjir in grut ferskaat oan hynstesporten sjen kinne en dêrom komme se ek alle jierren werom.
Konkours Hippyk Riis riedt him ta op jubileum edysje
De 75ste jubileumedysje fan takom jier moat noch mear minsken lûke, mei klam op de jongere besikers. It bestjoer is al dwaande mei de tariedingen. Trije sponsoaren hawwe har al melden foar in bydrage; yn oktober giet it bestjoer mei harren om tafel.
Der moatte bysûnderse aktiviteiten nei it terrein yn Harich helle wurde en dêr moatte je betiid by wêze, seit foarsitter Frederik Veltman. It publyk is loyaal en komt benammen út Súdwest-Fryslân. "It is krekt ien grutte famylje", seit dielnimmer Frits de Jong út Tsjerkgaast.
Besikers oan in Konkours Hippyk © Omrop Fryslân, Remco de Vries