Warkum wint Ald-Meiers Partij yn Hitzum

It partoer fan Warkum hat sneon de winst pakt by de tweintichste edysje fan de Ald-Meiers Partij yn Hitzum. Nynke Kuipers, Naomi Wiersma en Gerde Lycklama à Nijeholt wiene yn de finale mei 5-2 en 6-2 te sterk foar de famkes út Seisbierrum/Pitersbierrum: Sigrid Post, Judith Zuidema en Fiera de Vries.
© Henk Bootsma
De beide favoriten stiene yn de finale. Op 5-2 6-2 beëinige útblinkster Gerde Lycklama à Nijeholt de partij mei in moaie boppeslach. De lytse preemje wie foar Boalsert. Dat partuer ferlear yn de heale finale 5-1 6-6 fan de ferliezend finalist.

Spesjale gasten

De tradisjonele gasten op de Ald-Meiers Partij wiene dit jier de fjouwer froulju dy't yn it besit binne fan de fjouwer wimpels: Fenna Zeinstra, Sjoukje Visser, Aukje van Kuiken en Sjanet Wijnia.
De Ald-Meiers Partij is ien fan de belangrykste wedstriden foar famkes fan 14 oant en mei 16 jier.
Gerde Lycklama à Nijeholt
Naomi Wiersma
Fiera de Vries