Danny Noppert ferliest heale finale Players Championship yn Dútslân

03 aug 2019 - 18:08

Darter Danny Noppert fan De Jouwer hat sneon yn it Dútske Hildesheim de heale finale helle op it 21e Players Championship. Dêryn ferlear er wol mei romme sifers fan Krzysztof Ratajski út Poalen: 7-1. It is de tredde kear dit jier dat Noppert in heale finale hellet op de fliertoernoaien fan de PDC.

Foto: Orange Pictures

Yn de earste trije partijen fan sneon hie Noppert it noch dreech. De Jouster fersloech Steve Lennon (6-4), Madars Razma (6-5) en dêrnei lângenoat Jeffrey de Zwaan (6-5). Yn de achtste finales waard Ingelskman Dave Chisnall mei 6-3 en in 134-finish foar de wedstriid oan 'e kant set.

Michael Smith

De grutste oerwinning fan Noppert folge yn de kwartfinale. Dêryn waard Michael Smith, de nûmer fjouwer fan de wrâld, mei 6-3 ferslein. Yn de heale finale smiet de Jouster lykwols syn minste wedstriid fan de dei, mei in gemiddelde fan leech yn de tachtich punten.

Snein wurdt yn Hildesheim ek noch it 22e Players Championship fan de PDC hâlden.

(advertinsje)
(advertinsje)