FIDEO: Canal Parade mei Fryske delegaasje yn Amsterdam
Foar it earst sûnt 2008 is der sneon wer in Frysk skûtsje by de Canal Parade fan de Gay Pride yn Amsterdam. It skûtsje hat nûmer 35 en slút oan by de optocht troch de grêften.
Omdat akseptaasje fan homo's en transgenders noch altyd net fanselssprekkend is, fine de inisjatyfnimmers it belangryk dat Fryslân wer sichtber oanwêzich is by de Canal Parade.