6 skriuwers winne Junior Rely

Rely Jorritsma
Fiif jonge skriuwers fan ferhalen en ien fan in fers krije dit jier de junioareprizen fan it Rely Jorritsma-fûns. De winners by de ferhalen binne Hedwig Oldenhof, Johannes Idsinga, Annemieke Kirkenier, Sake Tiemersma en Elbrich de Jong; Roos Talsma is de skriuwer fan it winnende fers.
De wedstryd foar jongeren tusken de 12 en 18 jier âld wurdt sûnt 2004 hâlden. Mei-inoar is der foar 500 euro oan prizejild beskikber. Dy prizen wurde op 6 oktober útrikt, tagelyk mei de prizen foar de folwoeksenen.
De folgjende fersen en ferhalen hawwe in priis wûn:
•Roos Talsma út Achlum: in 1e priis foar it fers: 'Blier' yn de kategory poëzij;
en yn de kategory proaza:
•Hedwig Oldenhof út De Tynje: in 1e priis foar it ferhaal: 'It woarteltsje'
•Johannes Idsinga út Boalsert: in 2e priis foar it ferhaal: '1 april'
•Annemieke Kirkenier út Wommels: in 3e priis foar it ferhaal: ‘De dream'
en der binne oanfiterprizen foar:
•Sake Tiemersma út Frjentsjer: foar it ferhaal: 'De struner fan Ljouwert'
•Elbrich de Jong út Blauhûs: foar it ferhaal 'It aventoer fan Fenna'
De sjuery bestiet dit jier út Ate Grypstra, Erica Bergema en jeugdsjuerylid Annette Adema. Al it winnende wurk fan de Rely Jorritsma fûns priisfraach èn fan de Junior Rely ferskynt dyselde middeis yn in spesjale Rely-útjefte fan it tiidskrift ‘ENSAFH’.