Akkrum nimt revâns mei winst op de Iselmar, straffen foar Lemmer en Grou

03 aug 2019 - 15:55

Akkrum is sneon de winner wurden fan it skûtsjesilen op de Iselmar by Starum. Nei in spannende striid mei d'Heale Moanne wie Akkrum oan it ein fan de wedstriid it sterkst. Skipper Pieter Meeter naam sa revâns foar earder dizze wike, doe't Akkrum twa protesten ferlear. "Ik sta aan de ene kant te juichen en aan de andere kant ben ik erg teleurgesteld."

Foto: Martin de Jong

Op in rûzich Iselmar wie it by eltse boeirûning in fûle striid tusken de skûtsjes. Om it earste plakje wie de earste slach foar d'Heale Moanne, dy't flak foar Akkrum as earste om de tonne sylde. Tegearre sylden Klaas Westerdijk en Pieter Meeter by de rest fan it fjild wei.

Gefjocht om earste plak

Yn de frije wyn keazen de nûmers ien en twa faak foar ferskillende rûten. Lang like it derop dat d'Heale Moanne de bêste slach te pakken hie. Mar op wei nei de tsiende boeirûning hie Akkrum de wyn goed yn de seilen en koe dy de kopposysje oernimme. Dat earste plakje koene se fêsthâlde oant de finish. In opstekker foar Pieter Meeter en syn bemanning, neidat se earder dizze wike noch twa protesten ferlern hiene. "We hebben nog steeds een zware klap gehad van twee protesten op één dag. Wat ons kampioenschap eigenlijk verspeelde. Dat je dan zo terug kan komen. Heerlijk", fertelt Meeter.

Yntusken hie Grou it tredde plakje stevich yn hannen. En sylden dêrefter de oare skûtsjes ticht by elkoar.

Griene en reade flaggen

Dêrmei like Grou goeie saken te dwaan yn it klassemint, wie it net dat se fan it begjin ôf fan de wedstriid mei in griene flagge sylden. Dat betsjut dat Douwe Visser fan Grou in protest fan in oar skûtsje akseptearret en mooglik trije strafpunten like te krijen. Letter yn de wedstriid strike ek De Lemmer in griene flagge.

Neist de griene flaggen sylde It Hearrenfean mei in reade flagge oer de einstreek. Sy protestearren tsjin direkte konkurrinten Grou en De Lemmer. Oan it begjin fan de wedstriid kaam it skûtsje fan Sytze Brouwer fan bakboard en Grou en De Lemmer fan stjoerboard. Troch de bakboard-stjoerboard sitewaasje moasten de Feansters útwike. De sjuery kende beide protesten ta. Dêrtroch krigen Grou en De Lemmer fjirtjin strafpunten en giet it klassemint op 'e kop.

Utslach Skûtsjesilen Starum

1 Akkrum
2 d'Heale Moanne
3 Hearrenfean
4 Joure
5 Súdwesthoeke
6 Earnewâld
7 Ljouwert
8 Huzum
9 Snits
10 Wâldsein
11 Drachten
12 Langwar
13 Grou (y.f.m. protest)
14 De Lemmer (y.f.m. protest)

Klassemint op 'e kop

It Hearrenfean die op De Iselmar de bêste saken foar it klassemint. Nei in minne start sylde Sytze Brouwer in soad skûtsjes foarby en einige hy op it fjirde plak. Ien plak efter Grou, mar dy kamen mei in griene flagge oer de finish. De Lemmer hie ek in griene flagge en einige op in fiifde plak. Huzum hie in minne dei en einige op in tsiende plak.

Snein hat de skûtsjefloat in rêstdei. Moandei sille de skûtsjes de striid mei-inoar oangean op it wetter by Wâldsein.

Klassemint

NEI ÔFLÛK MINSTE WEDSTRIID
1 Grou 19,9 14
2 De Lemmer 20,7 14
3 Hearrenfean 22,9 9
4 Huzum 25 8
5 Akkrum 29,9 14
6 Earnewâld 31 14
7 Joure 43 13
8 Snits 43 10
9 Heale Moanne 44 11
10 Ljouwert 50 12
11 Drachten 51,9 14
12 Súdwesthoeke 55 14
13 Wâldsein 58 14
14 Langwar 75 14
Trefwurden: 
Akkrum Starum SKS skûtsjesilen
(advertinsje)
(advertinsje)