Nederlânske kuorballers as groepswinner troch op WK yn Súd-Afrika

03 aug 2019 - 15:52

De Nederlânske kuorballers, mei de Friezen Erwin Zwart en Marloes Frieswijk yn de seleksje, binne op it WK yn Súd-Afrika groepswinner wurden. Sneontemiddei wûnen de kuorballers mei 23-7 fan Tsjechië.

Erwin Zwart (argyf) - Foto: www.orange-pictures.nl

It wie de tredde oerwinning op rige foar de Nederlânske ploech. De Nederlânske goals kamen fan Celeste Split, Olav van Wijngaarden en Daan Preuninger.

Moandei nimt Oranje it yn de achtste finales op tsjin de bêste nûmer fjouwer fan de fiif pûlen.

Trefwurden: 
WK kuorbal
(advertinsje)
(advertinsje)