Foarsitter Ald-Meiers Partij ûntfangt bûnsynsynje fan KNKB

03 aug 2019 - 14:22

Foarsitter fan de Ald-Meiers Partij Betty Blanksma-Dijkstra hat it bûnsynsynje fan de KNKB ûntfongen. Dy krige se út hannen fan KNKB-foarsitter Wigle Sinnema, by it begjin fan de tweintichste edysje fan it keatsevenemint yn Hitzum. Blanksma-Dijkstra wie, tegearre mei de famylje Winsemius, ien fan de grûnlizzers fan de Ald-Meiers Partij.

Betty Blanksma-Dijkstra ald meiers partij - Foto: KNKB

It ûntfangen fan de ynsynje kaam as in grutte ferrassing. "It wie kompleet ûnferwachte. Prachtich!", seit Blanksma-Dijsktra derfan. "Wy besykje der tegearre in sa moai mooglike wedstriid fan te meitsjen. Fan it begjin ôf ha ik der eins by belutsen west en ha ik foarsitter west."

Blanksma-Dijkstra set har altyd entûsjast yn foar de Ald-Meiers Partij. "Ik doch it mei in soad wille, ek foar it doarp. Wy binne hjir mar lyts en dat we sa'n dei hjir organisearje kinne mei elkoar, fyn ik elke kear wer geweldich."

Betty Blanksma-Dijkstra

De Ald-Meiers Partij is in wedstriid foar famkes fan 14 oant en mei 16 jier, dy't krekt as by de Freule, de partij ien kear winne kinne. De partij waard yn 2000 foar it earst keatst. "Ik hie wol de stille hope dat dit derút groeie soe. Ik tink dat, mei trochdat we oan it begjin allegear tradysjes deryn hâlden hawwe, it in oare partij wurden is as de trochsneed wedstriid."

De winners krije in gouden horloazje. Wikselpriis is de Sulveren Pong. "De famyljes Winsemius en Fockema Adreae hawwe dy pong tegearre jûn. Harren foarâlden wiene hjir yn Hitzum pachters fan it tsjerkelân. In pachter wie eartiids in 'meier', dus sy binne eins de ald-meiers." Dêrom dus de Ald-Meiers Partij."De Sulveren Pong ferwiist nei de beurs dêr't de meiers it jild yn ynsammelen."

(advertinsje)
(advertinsje)