FIDEO: Sjoch nei hoe't it SKS klassemint op 'e kop gie by Starum

03 aug 2019 - 13:50

De skûtsjes fan de SKS sylden sneon by Starum de sande wedstriid fan it kampioenskip. De wedstriid sette om 14.00 oere útein by de Iselmardyk. It skûtsje fan De Lemmer wie by oanfangst earste yn it klassemint, folge troch Grou en Huzum. By Starum pakte Akkrum de winst, folge troch d'Heale Moanne.

Op Omropfryslan.nl/skutsjesilen binne alle útslaggen en it aktuele klassemint te finen.

De kommisje keas foar in op-en-del-baan. Dat betsjutte dat der twa ûndertonnen leinen, dêr't de skûtsjes alle kearen ien fan kieze moasten.

De farrûte by Starum - Foto: Omrop Fryslân
Trefwurden: 
Starum skûtsjesilen SKS
(advertinsje)
(advertinsje)