Nyck de Vries twadde yn Formule 2-race yn Boedapest

03 aug 2019 - 12:15

Autokoereur Nyck de Vries fan Twellingea is sneontemoarn as twadde einige yn de Formule 2-race yn Hongarije. De Vries begûn de race op poleposition, mar waard al yn de earste bocht passearre troch de Kanadees Nicholas Latifi. Dy wûn úteinlik ek de race.

Foto: Redmer Terpstra

Efter Nyck de Vries waard Jack Aitken út Ingelân tredde. Troch it twadde plak bliuwt Nyck de Vries lieder yn it klassemint. Hy hat no 192 punten. Nicholas Latifi folget mei 164 punten, in ferskil fan 28.

Sneintemoarn is de sprintrace op de Hungaroring. De earste acht koereurs fan sneon starte dan yn omkearde folchoarder. De Vries begjint dan as sande oan de race.

(advertinsje)
(advertinsje)