Frou rydt te hurd en negearret read stopljocht yn Ljouwert

De plysje hat freed in frou oanhâlden dy't te hurd ried oer de Aldlânsdyk yn Ljouwert. De frou ried 100 kilometer de oere, wylst op it grutste part fan de dyk 50 kilometer de oere tastien is. In ûnopfallende patrûlje seach de frou del sjezen.
© Google Street View
Dêr bleau it net by. De faasjeduvel negearre ek noch in read stopljocht by de krusing mei de Langedeelstrjitte. De plysje hat de 58-jierrige frou oanhâlden en har rydbewiis ynnaam. De frou sil ynkoarten ek noch in rydfeardigensûndersyk ûndergean moatte.