Kommende wiken fallende stjerren fan Perseïdeswerm te sjen

De kommende nachten sille der, yn it hiele lân, hieltyd mear fallende stjerren te sjen wêze. De measte sille sichtber wêze yn de nacht fan 12 op 13 augustus. Dan is it hichtepunt fan de Perseïdeswerm, in wolk fan stofdieltsjes fan de komeet Swift-Tuttle dêr't de ierde trochhinne beweecht.
© Pexels.com
Neffens Weeronline kinne de moanne en bewolking roet yn it iten smite. Op it hichtepunt is it nammentlik folle moanne, wêrtroch't in soad meteoaren net of lestich te sjen wêze sille.
Foarich jier wiene de Perseïden benammen yn it súdeasten fan it lân goed te sjen. Doe koene der sa'n 100 fallende stjerren de oere teld wurde.
Wa't de stjerren sjen wol, moat op in tsjuster plak stean gean, leafst op in iepen fjild, bûten de beboude kom, en nei it noardeasten sjen. De meteoaren binne te sjen op likernôch twa tredde fan de line tusken de hoarizon en it heechste punt oan 'e himel.