Kollum: "Leuk!"

03 aug 2019 - 08:35

"Je ha fan dy wurden dêr't je stadichoan jokte fan krije. Mei stip boppe-oan stiet it wurd: leuk. It is fansels net geef Frysk, mar it wurdsje leuk is te leuk om it oars te neamen. It dekt nammentlik folslein de lading. Wy wurde troch maatskiplike druk hast ferplichte om fan ús libben ien hiele lange 'leuk' te meitsjen.

Ferdinand de Jong - Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Ferdinand de Jong

As je in minder leuke dei ha, binne je daliks yn mineur en dat sette je dan op de sosjale media, sa dat oaren dat dan wer leuk fine kinne. It moat allegearre altyd hartstikke leuk wêze. Leuke frou en kids (noch sa'n joktewurd), leuk wurk, leuke kollega's, leuke hobbys en fansels leuke dingen dwaan yn de frije tiid. Alles is gewoan ien grutte wedstriid leuk dwaan oan it wurden.

No is myn fraach: slagget it in bytsje mei de leukichheid? Ha jim alle dagen in leuk foarútsjoch? Foar de dames: is de moanlikse perioade fan ûngesteld wêzen ek al sa'n leuk feestje? En foar de pubers, sjogge jim de takomst noch wat leuk yn mei alle ûnwisse fleksboel yn wurksituaasjes, klimaatferoarings en ferdampende pensjoenen?

Wy wurde ek achte om alle temperatueren boppe de 25 graden leuk te finen. No, ik ha nijs foar jim, ik fyn it neat. En mei my in hiele soad oaren. Mar dat meie wy net sizze, want dat is net leuk om te hearren. Snein en moandei binne de frou en ik de waarmte in dei as wat ûntflechte, omdat 40 graden achter hûs en 32 binnendoar totaal net leuk is. As je teminsten ek noch gewoan bûtendoar oan it wurk moatte. Yn Lúksemboarch en Maastricht wie it lekker ôfkuolle nei in graad as 20.

As kollumnist wol ik fansels net ien miening optekenje. Dy beide dagen ha ik in aardich oantal minsken frege wat sy fan de hite dagen mei sawat fjirtich graden fûnen. No, foar alle leuk oanbidders, der wie net ien dy't it leuk fûn. It famke mei read hier yn de iiskokream op it Vrijthof net, de dame achter de baly fan ús hoteltsje yn Luxemburg net en sa kin ik noch wol in stik as wat opneame. Se hienen it earder oer oerlibjen as oer leuk.

Net leuk dus. Ik woe hjir graach pleitsje foar it akseptearjen fan it feit dat net alles leuk hoecht te wêzen en dat je der mar mei leare moatte te libjen dat it libben soms hielendal net leuk is. As je COPD-pasjint binne, is it net leuk om fan in hast jubeljende waarman te hearren dat it moarn noch in benaud graadsje waarmer wurdt. Foar in boer dy't syn gewaaks foar syn eagen ferdrûgjen sjocht, omdat der in sproeiferbod ynsteld is, tinke jo dat dy it leuk fynt?

Meie we dan neat mear leuk fine? Fansels wol. Safolle as mooglik is, want we binne hjir mar even. Mar dan wol wat josels leuk fine, as it even kin. En dêr hearre foar my temperatueren boppe de 25 graden net by. Fine jim dat net leuk? Pech hân. Leuker kin ik it net meitsje."

(advertinsje)
(advertinsje)